Op en út, 30 desimber 2017
30 December 2017Yn Op en út bespruts ik: Tommy Wieringa, ‘De heilige Rita’. De Bezige Bij, Amsterdam 2017. Justine le Clerq, ‘Krimp’. Podium, Amsterdam 2017.
Yn Op en út bespruts ik: Tommy Wieringa, ‘De heilige Rita’. De Bezige Bij, Amsterdam 2017. Justine le Clerq, ‘Krimp’. Podium, Amsterdam 2017.
Dizze boeken bespruts ik yn Op en út, it kultuerprogramma fan Douwe Heeringa foar Omrop Fryslân: Jean Echenoz, ‘De spionne’. Vertaald door Jan Pieter van der Sterre en Reintje Ghoos. De Geus, Amsterdam 2017. www.degeus.nl Willem Schoorstra, ‘De nacht fan Mare’. Het Nieuwe Kanaal Uitgeverij, Ljouwert 2017. www.hetnieuwekanaal.nl
‘Klont’. Nuvere titel foar in boek. Mar de roman ‘Klont’ fan Maxim Februari hâldt my no al in hiel skoft yn de besnijing. Sintraal yn it boek stiet de gedachte dat de werklikheid sa’t wy dy belibje, hieltyd mear ferkrongen wurdt troch gegevens oer dy werklikheid. In pasjint bestiet stadichoan mear út pasjintegegevens, lêzers wurde definiearre troch lêsgedrach en ja, myn eigen persoanlikheid bestiet sa njonkelytsen út in ûnbidige rige ynlochgegevens. Elk kin sa wol in pear foarbylden betinke fan de kontrôlemaatskippij dêr’t wy letterlik ûnderdanen fan binne. Hast alle dagen moat ik my ommers wol wer ergens registreare litte. [meer…]
Dizze boeken bespruts ik yn it programma ‘Op en út’ fan Omrop Fryslân: Neeltje Bonnema, ‘Reinke. In lytse skiednis fan in grutte frou’. Bornmeer, De Gerdyk 2017 Maxim Februari, ‘Klont’. Prometheus, Amsterdam 2017
Dizze boeken bespruts ik yn it programma ‘Op en út’ fan Omrop Fryslân: Ale S. Zandbergen, ‘Famke, famke’. Het Nieuwe Kanaal Uitgeverij, Ljouwert 2017. 22,50 euro, Hetnieuwekanaal.nl Lida Dijkstra & Natascha Blum-Stenvert, ‘De huodsjes fan Mata Hari’. Uitgeverij Wijdemeer, Ljouwert 2017. Kadoboek foar bern. 4,95 euro
In de donkere, kille nacht hoorde ik ganzen overvliegen. Misschien wel de mooiste stilte die ik ken.
‘High rise’ van J.G. Ballard gelezen. Nooit eerder aan toegekomen. Verdomd, deze zinderend-ontluisterende afbraak van onze maatschappij zou juist in dit tijdgewricht meer gelezen moeten worden. Uitermate scherp gezien van de uitgever. Ik haal graag de blurb van Jeroen Olyslaegers aan die scherpzinnig opmerkt: ‘Ballard doet je plezier beleven een ramptoerist te zijn van je eigen zogenaamde beschaving. Grinniken bij het slopen dus. Een essentiële roman.’ In vroeger tijden zou ik het etiket Unheimlich op het boek geplakt hebben.
Dizze boeken bespruts ik yn it programma ‘Op en út’ fan Omrop Fryslân: ‘111 x keunst op syn Frysk’. Museum Belvédère, Heerenveen-Oranjewoud, 2017. www.museumbelvedere.nl Museum Belvédère Marten Toonder, ‘Tim McNab zoekt kopij’. Uitgeverij Personalia, Leens 2017 www.uitgeverijpersonalia.nl Marie Darrieussecq, ‘Hier zijn is heerlijk. Het leven van kunstschilder Paula Modersohn-Becker’. Uitgeverij De Arbeiderspers, Amsterdam 2017. www.arbeiderspers.nl
Dizze boeken bespruts ik yn it programma ‘Op en út’ fan Omrop Fryslân: Jurjen van der Meer en Maaike van den Akker, ‘De toverangel fan Ate’. www.audiofrysk.nl. In dieltsje út de Sweltsjerige 2017. In searje berneboekjes foar begjinnende lêzers. In útjefte fan Audiofrysk.nl en Cedin, mei titels fan Lida Dijkstra, Hanneke de Jong, Jurjen van der Meer, Jan Schotanus, Mindert Wijnstra en Anny de Jong Anna Enquist, ‘Een tuin in de winter. Herinneringen aan Gerrit Kouwenaar’. De Arbeiderspers, Amsterdam 2017. www.arbeiderspers.nl` Maria Stahlie, ‘De middelste dag van het jaar’. Uitgeverij Querido, Amsterdam 2017. www.querido.nl
Justerjûn moaie dichtersjûn yn de Neushoorn. In organisaasje fan Lân fan Taal Explore The North, Leeuwarden en De Optimist. Presintaasje Joost Oomen. Echt in soad lake haw ik net, wylst it tema humor wie, mar fan de optredens fan benammen Martin Rombouts (rjochts foardragend) en Helena Hoogenkamp (ferstoppe achter Joost Oomen) wie ik knap ûnder de yndruk. Dy hear ik seker noch graach ris.