Thom Mercuur 1940 – 2016

20 January 2016

Hjoed, op 20 jannewaris, is Thom Mercuur ferstoarn. Thom wie yn it foarste plak in freon, in keunstkenner, of miskien better noch: in yntuïtyf leafhawwer fan keunst. Thom Mercuur wie neffens my in keunstner yn it djipst fan syn gedachten, mar sûnder ferve en doek.  ‘Gulzig’ is ek in wurd dat by my opkomt. Dat is gjin geef Frysk, mar dêr jou ik no eefkes neat om. Hy hat syn hiele libben, op rêsteleaze wize, moaie dingen sammele, mar dy ek altyd romhertich mei minsken dield. Yn galery’s, prachtige boeken, Museum Belvédère en fansels it Tripgemaal yn Gersleat. Syn wearde foar de moderne keunst yn Fryslân kin wat dat oanbelanget hast net oerskatten wurde.

Altyd wist Thom Mercuur sa mei dy te praten of de dingen sa te sizzen, as wiesto op dat momint it sintrum fan de wrâld. Thom Mercuur liet him maklik ferliede troch moaie dingen, mar hy wie sels ek in grut ferlieder. In gefoelige romantikus en yn gesprek mei him waarden je dat sels ek. Al wie it mar foar eefkes.

Tusken it Tripgemaal en Museum Belvédère sil de hoarizon noait mear itselde wêze.