Lida Dijkstra & Alma Tadema

29 October 2016

cwahtgvweaaojxs

It nijsgjirrige oan it wurk fan Alma Tadema liket my om syn biografy neist it wurk te lizzen. It wurk sels lûkt my net hiel bot oan, in soad prachtige technyk fansels, mar ik mis persoanlikheid. Dat byld feroaret lykwols as jo kennis nimme fan syn libben en syn wrâld. Dan begjint it wurk ynienen wol mear te libjen, alteast foar my. Soks moat Lida Dijkstra miskien ek belibbe hawwe? Yn har boek ‘Wenje yn in skilderij’, in útjefte fan it Fries Museum en Wijdemeer, hat se besocht dat ûnbidich grutte oeuvre en dy waansinnige status fan Alma Tadema lytser te meitsjen. Lytser yn de betsjutting fan tagonkliker. Yn har boek, in sjenre kin ik der noch net foar betinke, skriuwt se oer it húslike libben yn it gesin fan Alma Tadema fanút it perspektyf fan ien fan syn dochters. It hûs is prachtich, de ûnderlinge bannen yn de famylje binne waarm en leafdefol en de bern krije thús harren ûnderrjocht. In paradys in meardere opsichten, dêr’t de bern net maklik út falle sille. Ferskate taferielen fan dat libben binne troch de skilder fêstlein en om dy wurken hinne hat Lida Dijkstra har ferhaal betocht. Sa wurkje ferhaal en wurk, dat yn in prachtige foarmjouwing fan Gert Jan Slagter ek opnaam is yn it boek, moai opelkoar yn. Op dy wize komt sa’n grutte skilder foar de jeugdige lêzers folle tichter by. Dat Lida der dan ek noch yn slagget om hjir en dêr in lytse les yn skildertechniken te jaan, oer djipte en perspektyf bygelyks, of komposysje, makket it boek hielendal kompleet. In berneboek wol ik it net neame, dat soe it boek tekoart dwaan, in keunstboek is it al en net, in skiednisboek is it boppedat. Dat lêste seker troch it ekstra Scrapbook dat yn it grutte boek plakt is, mei allerhanne ynformaasje oer de grutte tema’s yn it wurk fan de skilder: de Griken, de Romeinen en sels de midsiuwen.
As de útstalling oer Alma Tadema letter ek nei Ingelân giet, dan soe men toch serieus in Ingelske oersetting fan dit boek oerweagje moatte. Yn myn eagen is dit ien fan de bêste boeken fan Lida Dijkstra en wol immen dit jier toch in boek oer Alma Tadema keapje, doch dan dizze mar. Ook in het Nederlands overigens.