De ferwûndering noch net foarby
10 April 2017Ferline wike seach ik by Wurdum in reager mei in fjildmûs tusken de snavel, hjoed seach ik in bytsje fierder in grutte karper út it wetter springen. Prachtige plons. Machtich gesicht.
Noch altyd gjin skries fernaam wêr’t ik him ferwachtsje. Wol in moaie swan op it nêst. Heit is meastentiids sa’n 30-40 meter fierderop mar sliepte hjied tichteby it nêst.