foar dwalers, dreamers en tinkers
24 November 2017‘Klont’. Nuvere titel foar in boek. Mar de roman ‘Klont’ fan Maxim Februari hâldt my no al in hiel skoft yn de besnijing. Sintraal yn it boek stiet de gedachte dat de werklikheid sa’t wy dy belibje, hieltyd mear ferkrongen wurdt troch gegevens oer dy werklikheid. In pasjint bestiet stadichoan mear út pasjintegegevens, lêzers wurde definiearre troch lêsgedrach en ja, myn eigen persoanlikheid bestiet sa njonkelytsen út in ûnbidige rige ynlochgegevens. Elk kin sa wol in pear foarbylden betinke fan de kontrôlemaatskippij dêr’t wy letterlik ûnderdanen fan binne. Hast alle dagen moat ik my ommers wol wer ergens registreare litte. Ik wit net hoe’t it jo giet, mar ik krij der hieltyd mear in hekel oan en der binne in tal saken dy’t ik absolút allinnich op papier folgje wol. Al hoe grut de kado’s ek binne dy’t my oanbean wurde as ik my dan asjeblyft mar registreare litte wol foar in digitaal pinsjoenoersicht, nijsbrieven oer skearmeskes en wat net al.
Troch al dy (digitale) gegevens ûntstiet in sekere ôfbylding fan ús wrâld, in kloon. En as al dy klonen no byelkoar stoppe wurde yn programma’s of keppele wurde oan algoritmes, as dy klonen ferbiningen meielkoar oangean dy’t wat langer wat minder te behearskjen binne, dan krije wy ‘de klont’. Maxim Februari warskôget ús foar dy klont. Want sa soarget de saneamde kontrôlemaatskippij derfoar dat wy minder grip op ús werklikheid krije, wy mear en mear ûnsichtber stjoerd wurde yn ús gedrach en ús ûnbegryp allinnich mar groeit.
‘De klont’ makket ek dat ik mear en mear op syk gean nei oare erfaringen. En dat ik my foar guon saken ôfslút. Dat ik my losmeitsje fan de tizeboel. Ik krij in skerper each foar wat foar my ‘wier’ is. En dy wierheid fyn ik meastentiids yn oare ôfbyldingen fan de wrâld as algoritmes, nammentlik yn de keunst en de literatuer. Dizze simmer bygelyks by in útstalling fan de sosjaal-realistyske keunstner Heinrich Zille, by in machtige útstalling fan de Sineeske keunstner Song Dong en tichter by hûs by Welcome to The Village yn Ljouwert. It giet my dêrby om in wat âlderwetsk wurd miskien. Lit my it mar mei in haadletter skriuwe: Autentisiteit. Nei it fantastyske Noordelijk Film Festival stoart ik my kommend wykein dêrom op Explore the North 2017: in festival op ûnferwachte plakken, foar dwalers, dreamers en tinkers.