Send in the clowns
20 December 2019Dit jier is it 50 jier lyn dat de earste Trotwaer útkaam. Yn dit nûmer sjogge wy in bytsje werom, fierders binne wy gewoan by de tiid. Alles ûnder de titel ‘Wat wit ik fan dizze wrâld?’. Send in the literature dus.
Hamlet, de Deenske kroanprins, hat slim fertriet om de dea fan syn heit en it hastich boaskjen fan mem mei heit syn broer. Mar de geast fan de ferstoarne kening jout him flotwei goerie: hy fertelt wa’t him deamakke hat en ropt syn soan Hamlet op om wraak te nimmen. De soan fersuchtet, it binne ferneamde rigels wurden: ‘The time is out of joint. O cursèd spite, That ever I was born to set it right!’
Ferfolgens docht Hamlet neat. Bang as hy is dat de geastesferskining fan syn heit miskien wol it wurk fan de duvel is. Hy docht him foar as in man dy’t syn ferstân ferlern hat en jout opdracht oan in groep toanielspilers om de dea fan syn heit yn sêne te setten, om sa de wierheid foar it ljocht te krijen. En sa komt it ferhaal oer de fermoarde kening de wrâld yn.
De rest fan it ferhaal docht der hjir net wêzentlik ta, dat lêze jim noch marris nei. It giet my om dy iene sin ‘The time is out of joint’. As in skouder dy’t út it lid is. Shakespeare brûkt dat byld as in metafoor foar syn eigen tiid. In tiid dêr’t it net goed yn giet mei Denemarken en mei de politike ferhâldings yn it lân.
Mar fansels giet it my hjir ek om it ferfolch op dy iene sin: ‘O cursèd spite, That ever I was born to set it right!’ Hamlet ferflokt de ferantwurdlikheid dy’t hy oplein krijt om de situaasje yn it lân te ferbetterjen. Hy beslút dan ek te dwaan oft er gek is en lit de antwurden dêr’t it lân om freget oer oan de (teater)keunsten.
Wa’t de gekke Hamlet wie dy’t Joost Oomen koartby inkelde ynspirearjende wurden ynflústere hat om de wierheid oan de fuotten fan syn publyk del te lizzen, wit ik net. Mar syn foarstelling ‘Vruchtjes eten’ foar Explore the North, tegearre mei garaazjejazzband Kruidkoek, wie in fantastysk, oerweldigjend en komysk antwurd op de kollektive dwaasheid dy’t ús planeet fermoarde hat. Hoe gekker en enerzjiker oft Joost waard, hoe mear’t ik fielde dat hy ús in spegel foarhold. Ik sis: lit de clowns en oare potsebakkers mar komme. It is tiid. Absurde situaasjes freegje om lachspegels. Applaus dus ek foar boargemaster Isabelle Dugelet fan La Gresle, in doarpke yn de Loire mei 850 ynwenners. Se wol it tekoart oan dokters yn har regio ûnder de oandacht bringe, want bûten wurktiden is it hiel dreech om in dokter te finen. Wat is de oplossing fan dizze potsebakker? ‘Het is voor inwoners voor onbepaalde tijd verboden op het grondgebied van onze gemeente te sterven op zaterdag, zondag of op feestdagen’. Stjerrende wier. Topliteratuer.