Wittenskip yn Fryslân
11 March 2019Doe’t de Fryske Akademy op 10 septimber 1938 útein sette, waard de stúdzje fan de Fryske literatuer, mar leaver noch haw ik it oer de literatuer yn Fryslân, fuort al op achterstân pleatst. Foarsitter Sipma fertelde yn syn iepeningstaspraak dat der yn it foarste plak in ôfdieling foar linguistyk komme moast. Twa redenen joech hy derfoar oan. Yn it earste plak omdat dit it measte dreau en yn it twadde plak omdat der ek de measte minsken beskikber foar wienen.
Der moast boppedat in ôfdieling biografy komme en it is opmerklik dat Sipma seit, ik sitearje him hjir letterlik: ‘Oer it greate bilang hjirfen scil ik, om koart to wêzen, neat sizze.’ Ein fan it yndie neatsizzende sitaat. Fierder moast der omtinken komme foar in ôfdieling bibliografy en by einbeslút in ôfdieling dokumintaasje. Dêrby leit it swiertepunt op it sammeljen en beskikber stellen fan dreech te finen materiaal foar fierder ûndersyk.
Pas nei de Twadde Wrâldoarloch is it letterkundich wurk echt op gong kaam, mar it duorre oant mids jierren santich, doe’t Philippus Breuker oansteld waard, foardat der in letterkundige oan it wurk kaam yn it Coulonhûs. Dochs kinne wy beswierlik beweare dat yn Fryslân al dy jierren neat oan literatuerûndersyk dien is. Sa begûn teolooch G.A. Wumkes al yn 1938 mei it sammeljen fan materiaal foar syn grut biografysk wurdboek wêryn’t skriuwers in wichtich plak ynnimme. Boppedat lit de Catalogus der Friesche Taal- en Letterkunde fan Marten Scholten út 1941 sjen dat der foar de oarloch it noadige wurk fersetten is op dit terrein. Scholten waard yn 1959 ek de earste konservator fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum. Hy krige doe in smûk plakje op de souder fan it Coulonhûs en wat âlde meubeltsjes fan de Provinsjale Bibliotheek.
Liedende prinsipes yn it begjin wienen dus yn it foarste plak it ferlet dat al bestie yn de Fryske maatskippij en it grutte projekt wie doe benammen in wurdboek fan de Fryske taal. It twadde liedende prinsipe wie it tal beskikbere minsken foar dit wittenskiplik wurk. Of, om Sipma syn wurden nochris oan te heljen: ‘Fryslân ken himsels net. It hat gjin, of mar amper, witten fen syn greate rykdommen. Bergen fen wittenskip lizze hjir en dêr rounom, en it wachtsjen is mar op de wirkers’.
De beneaming fan Jelle Brouwer yn 1941 as heechlearaar Frysk en Goatysk oan de universiteit yn Grins is in folgjend wichtich momint yn de Frisistyk. Brouwer hie foar de oarloch al it sammele wurk fan Gysbert Japicx besoarge, syn ynaugurele rede gie oer Joost Hiddes Halbertsma as Frysk taalkundige, mar hy soe him yn syn ûndersyk, krektlyk as de measte fan syn lettere promovendy, benammen rjochtsje op it Aldfrysk en it Nijfrysk. Mei Japicx en Halbertsma binne trouwens fuort ek de skriuwers neamd dy’t troch de frisistyk it meast ûndersocht binne. En fierder binne hjir no yn fûgelflecht twa ûndersykstradysjes yntrodusearre dy’t, oant de dei fan hjoed ta, sterk ûntwikkele binne yn de Fryske letterkunde. Dat is de klam dy’t lein waard op bibliografysk ûndersyk en dat is de klam dy’t lein waard en wurdt op de biografy fan de skriuwer. Op dit mêd binne, lit my dat toch ek eksplisyt neame, ek bysûndere resultaten behelle.
Ik wol hjir perfoarst net in folslein histoarysk oersicht biede fan de frisistyk, soks soe in soad tiid fan my opslokke en mear noch: fan jo freegje. Mar jou my dochs efkes de tiid om in folgjende lieu de mémoire fan de Fryske letterkunde te neamen. Dat wie neffens my de útrikking, yn 1947, fan de Gysbert Japicxprijs. Dy earste kear waard de priis útrikt oan Obe Postma, foar de bondel It sil bistean. Wêrom krige Obe Postma doe dy priis? Hy wie doe fansels ien fan de âldste dichters, noch krekt gjin tachtich. Mar de grutte kanonisearring fan syn wurk wie noch net ynset, dy begûn eins pas mei dizze priis én mei it ferskinen fan it sammele wurk yn 1949. Postma hie ek net aktyf west yn de Fryske beweging, net yn de literêre tydskriften en wie feitliks in wat isolearre figuer bleaun.
Foarsitter fan de advyskommisje wie Jelle Brouwer en yn syn laudatio út namme fan it Fryske folk, lei hy de klam op it feit dat Postma fansels in Fryske dichter wie, mar tagelyk safolle mear en boppedat immen fan Europeesk nivo. It wie blykber wichtich om sa’n soarte fan skriuwer nei de oarloch te earen: ‘Jo binne Fries yn ieren en sinen en hawwe it eigene fan Fryslân op seldsume wize foarm jown, mar al it goede fan om utens wei woe Jo likegoed oan – setten Jo net oer fan Rilke en Boutens, fan Emily Dickinson, Hélène Swarth en Boeken? Fielden Jo Jo net bisibbe oan Slauerhoff?’
En it wie Anne Wadman – hy wie oars fan ’t jier 100 jier âld wurden – dy’t yn 1949 oer Postma skreau, yn de ynlieding by de bekende twatalige blomlêzing Frieslands Dichters: ‘Van elke provincialiteit staat hij verre: hij veracht niet de stad, niet de autowegen, die door de weilanden gebaand worden, hij staart zich niet blind op het eigene en kleine, maar weet het geringe en nietige van het aards bestaan tot iets groots te transformeren. Ook zijn hart gaat uit naar het land achter de einder, naar de verte, naar het avontuur’.
Wat dat oanbelanget foldocht Postma folslein oan de definysje dy’t Wadman op dat stuit jout fan Fryske literatuer: ‘Waaruit blijkt dan […] [het] recht op een eigen Friese literatuur […]? Het is, kort geformuleerd, dit: een Friese weerslag te geven (d.w.z. geuit in de Friese taal en vanuit de problematiek van de Friese ziel geprojecteerd) van datgene wat Europa vervult en drijft’.
De bining tusken Fryske literatuer en de Fryske Beweging like yndie ferbrutsen. Mar Wadman sprekt net allinnich oer in Fryske wjerslach fan wat Europa driuwt, mar ek oer de Fryske taal. Hy giet ommers net sa fier om oare talen tagong te jaan yn de literatuer yn Fryslân. Dat past yn it algemiene byld dat noch altyd bestiet om literatuer hinne en kultuer yn Fryslân, nammentlik it ‘taaleigene’ dat dêryn altyd en ivich foarop stiet. It is yn myn eagen spitich dat ek binnen de frisistyk dy taligens sa wichtich west hat en dat der net mear omtinken west hat foar de kontekst fan talige uteringen. De histoaryske en maatskiplike kontekst wêryn’t literatuer skreaun, produsearre en ûntfongen wurdt, hat yn de Fryslannen iuwenlang meartalich west. Tsjintwurdich is Fryslân perfoarst twatalich en 800.000 minsken fierden ferline jier yn it Lân fan taal de meartaligens. Dêr soe de frisistyk yn de takomst folle mear oandacht foar hawwe moatte. Mar op dit punt kom ik noch werom.
It wurk fan Jelle Brouwer, it kritysk konfoai dat Anne Wadman nei de oarloch yn beweging brocht, hat spitigernôch net genôch west foar modernisearing fan it letterkundich ûndersyk nei literatuer yn Fryslân. En der ek net foar soarge dat der in breed droegen essayistyk ûntstien is of in sterke literêre krityk. It bleau in fak fan ynsidinten, fan tafal, net fan heldere wittenskiplike programma’s mei navenante resultaten. Doe’t professor Miedema yn 1969 op in romrofte stúdzjedei foar de Fryske taal- en letterkunde werom seach op de frisistyk, konkludearre hy dat de klam lein hie op de klassike filology. Hy neamt tal fan rigen mei nijsgjirrige stúdzjes, benammen dy op it mêd fan de leksikografy, mar ek de rige Estrikken en Us wurk dat neist It Beaken in wittenskiplik periodyk waard. Miedema bewarret ien lyts sintje foar de letterkunde, dat ik hjir foar de folsleinens sitearje: ‘Daarnaast was er belangstelling voor literatuurwetenschap, vooral voor de literatuurgeschiedenis (onder andere: Brouwer en Poortinga)’.
Professor Galama moat op datselde kongres meidiele dat der op dat stuit gjin inkelde dissertaasje taret wurdt op it mêd fan de Fryke literatuer yn de 19e of 20e iuw. Hy kin him fan eardere jierren eins ek allinnich mar de proefskriften fan Klaes Dykstra oer oersettingen yn it Frysk (1962) en Anne Wadman syn boek oer Hjerre Gerrits van der Veen (1955) yn it sin bringe. Beide mannen hienen trouwens Jelle Brouwer as promotor hân. Mar Brouwer wie ûnderwilens al mei emeritaat.
Alhiel sûnder hope wie de situaasje lykwols net. Tony Feitsma begûn har akademyske karriêre yn dyselde jierren en soe yn 1974 promovearje op Gysbert Japicx, fyftjin jier letter folge troch Philippus Breuker dy’t ek op Gysbert Japicx promovearre. Miskien wienen se oanstutsen troch de grutte betinkingen fan Gysbert yn 1966. Mar ek Trinus Riemersma makke ein jierren sechstich yn Trotwaer syn plannen foar de bestudearring fan it plattelânproaza bekend. Al soe it oant 1984 duorje foardat de promoasje in feit wie.
De bân tusken taal, literatuer, mienskip én wittenskip is yn de jierren sechtich en santich hieltyd losser wurden. In grut part fan de nije lêzers en de nije skriuwers fielde dat ferlet gewoan net mear, se woenen earder ôfrekkenje mei tradysjes, symboalen en oertsjûgingen. Hoewol’t der mear minsken tagong krigen ta in akademyske oplieding, wienen der ek hieltyd minder ûndersikers dy’t de wittenskiplike needsaak seagen om dy bân ta ûnderwerp fan harren ûndersyk te meitsjen. Seker net as it gie om de contemporaine literatuer.
Fan de jierren fyftich ôf kaam nammentlik de ergosentryske benadering fan literatuer sterk opsetten. Yn Nederlân barde dat fan 1962 ôf benammen om de groep fan Merlyn hine, dat yn neifolging fan de Amerikaanse New Critics objektive útspraken dwaan woe oer literêre eigenskippen fan in tekst. Dizze tekstymmaninte benadering fan literatuer skode stadichoan de oant dan ta noch altyd dominante histoarysk-biografyske benadering oan de kant. Troch op dy wize it literêre fan in tekst te ûndersykjen, wie der hielendal gjin needsaak mear om literatuer út de kontekst fan de regio wei te ûndersykjen. Yn alle gefallen snijde dat aspekt fan literatuerûndersyk hielendal ûnder yn de fûle diskusjes dy’t der sûnt de jierren fyftich oant en mei de jierren santich wie oer it objekt en de metoaden fan literatuerwittenskip.
Pas yn de jierren santich kamen der rûchwei twa reaksjes op de tekstymmaninte oanpak, dat wie de resepsje-teory en dat wie it poststrukturalisme. En noch wer letter kaam der in grutte tradysje fan literatuersosjologysk ûndersyk opsetten, wêrby’t bygelyks literêre ynstitúsjes ek ûnder de loep naam waarden. Mar ek dy tradysjes binne yn de Fryske letterkunde nea sterk ta ûntwikkeling kaam.
Neist dit akademyske discours wie, seker yn Fryslân, de anti-teoretyske benadering noch altyd sterk. Dy skribinten skreaunen ‘gewoan’ oer literatuer en makken harren net sa drok oer de ideologyske ferantwurding fan harren oanpak. It wurk sels bepaalde de fragen dy’t der oan steld wurde koenen. Ik tink, mar dat is net mear as in foarsichtige ynskatting, dat benammen it wurk dat liearre wurde kin oan it FLMD, dat yn 1969 ûnder de ynspirearjende lieding fan Freark Dam en noch wer letter Tineke Steenmeijer kaam te stean, mear yn dy tradysje wurke hat.
Yn de jierren tachtich feroare der wol wat yn de literatuerwittenskip. De biografyske oanpak dy’t desennialang taboe ferklearre wie, komt dan wer wat werom om yn de jierren njoggentich wer folop yn de belangsteling te kommen. En sa is de frisistyk de jongste jierren noch ferrike mei biografyen oer Anne Wadman, Fedde Schurer en Joast Halbertsma en binne der, as it my net mist, noch in tal ûnderweis. De ôfrûne fyftjin jier binne der boppedat in tal wichtige dissertaasjes ferskynd oer Anne Wadman en Trinus Riemersma, oer berneliteratuer, oer it Oera Lindaboek, oer Joast Hiddes Halbertsma en oer Ypk fan der Fear. Dat is allegearre it wurk fan minsken dy’t beskikber wienen, mar ek nei de komst fan Philippus Breuker as letterkundige op de Fryske Akademy is der nea echt in letterkundige tradysje binnen de frisistyk ta stân kaam. It tafal regearre noch altyd. Neidat ek Goffe Jensma ôfskie naam fan de FA wurdt dêr sels neat mear dien oan letterkundich ûndersyk. It literêr-histoarysk wurkferbân kreaket ek al jierren mar, en ik sis dit mei it grutst mooglike respekt, it wurdt troch Eric Hoekstra en Reinier Salverda noch altyd yn libben holden en dat hat hiel resint noch ta in pear goeie stúdzjedagen laat.
De stúdzje Frysk yn Grins, sis mar it âlde plak fan Jelle Brouwer, is yntusken ek bot fan karakter feroare. Dat liket in goeie kar te wêzen as men nei it kurrikulum sjocht en as it prachtige proefskrift fan Jelle Krol, mei Goffe Jensma as promotor, de standert wurdt, dan is alle hoop noch net ferflein. Mar, en dat is myn punt, ik tink dat wy no op in punt oankaam binne dat it gefaarlik wurdt om net mei in goed plan te kommen foar de Fryske letterkunde want oars is der aanst miskien noch wol in ferlet om saken te ûndersykjen, mar binne der gjin minsken mear dy’t sa’n taak oan kinne. Wy ferlieze yn in kjelmeitsjend heech tempo in soad kennis en belêzenheid. Dat wurdt noch slimmer as de kommende jierren ek de wittenskippers en leararen dy’t berne binne yn de jierren fyftich mei pensjoen gean. Want minsken fan myn generaasje en jonger, hawwe op skoalle hast neat mear meikrigen fan Fryske literatuer en lêze ek folle minder Fryske boeken.
En fersin jim net. Wy hawwe de literatuerwittenskip nedich om ús literatuer te kennen en te begripen. Mar it giet my om mear en ik helje dêr graach de wurden foar oan fan ien fan myn eardere learmasters yn Flaanderen, literatuerwittenskipper Dirk de Geest, dy’t stelt dat literatuer, ik sitearje, ‘geen abstract betekenisgeheel [is], maar een uitermate complexe praktijk, die verweven is met tal van andere culturele en maatschappelijke componenten waartoe ze zich tracht te verhouden’. Ik pleitsje dêrom op dit plak foar in wittenskiplike aginda dy’t net spesifyk giet oer letterkundich ûndersyk mar folle mear giet oer de kulturele identiteit yn in minderheidskultuer. De fraach dêr’t ik my hjoed mei dwaande hâlde wol is net sasear oft de frisistyk noch takomst hat, mar folle mear: wêr hat Fryslân ferlet fan? Yn 1938 wie dat grutte projekt in wurdboek. Yn 2019 is dat grutte projekt wittenskiplik ûndersyk nei de Kolleksje Fryslân. En dêr heart in wittenskiplike aginda by dy’t fierder giet as de kombinaasje fan taalûndersyk en histoarysk ûndersyk sa’t de Fryske Akademy meast resint yn har takomstplannen útsteld hat.
De praktyk fan it akademysk discours yn Fryslân, ik haw it faker sein, hinget tefolle as los sân oanelkoar, hat net genôch oansjen en stiet te fier ôf fan aktuele maatskiplike én wittenskiplike ûntwikkelingen. Der is ferlet fan in netwurk fan wittenskippers dy’t de Kolleksje Fryslân yn brede sin folget én neitinkt oer de relaasje tusken taal, kultuer, literatuer en mienskip.
Dat betsjut net dat wy de taal of de talen yn Fryslân beskermje moatte. Dat wy wer oergean moatte op in foarm fan taalkundich kolonialisme. Dat wy der omhinne stean gean moatte. Wy moatte de talen, de teksten, de kulturele kolleksjes yn Fryslân krekt sjen litte yn relaasje ta de wrâld om ús hinne. Dat betsjut ek oandacht foar net-Frysktalige letteren en foar oare foarmen fan kultuer en keunst. Want hoe soenen wy oars oer Elmar Kuiper skriuwe kinne dy’t op Explore the North nij wurk makke mei de Japanske noiserockband Bo Ningen, of oer Nyk de Vries dy’t pas yn Malawi de taal fûn dy’t it him mooglik makke om in boek oer Fryske Wâlden te meitsjen. Of oer Elske Kampen dy’t har gedichten yn de bondel Ynbyld skreaun hat op har eigen byldzjende keunst.
Ik pleitsje neist dizze mienskiplike agenda foar in direkter kontakt mei it publyk. In moetingsplak dêr’t it kulturele eksperimint, maatskiplik engaazjemint en wittenskiplik ûndersyk elkoar moetsje. Sa’n plak is der al. OBE. Ik einigje dêrom graach mei de wurden dy’t Maarten Doorman útspruts by de iepening fan debatsintrum Spui 25, no al wer mear as tsien jier lyn: ‘Je zou zeggen dat de belangrijkste bestaansreden voor de geesteswetenschappen ligt in hun bijdrage aan de cultuur, aan levendig commentaar op literatuur en kunst, aan relevant en toegankelijk historisch onderzoek, aan filosofische verdieping van maatschappelijke debatten en aan stimulerende, niet simplificerende overzichten die geïnformeerde burgers van nu behulpzaam zijn bij het duiden van hun leven en de maatschappij.’