Aggie (1927-2023)
14 August 2023Guon minsken hawwe eins gjin achternamme nedich. At jo sizze: ‘Aggie’, dan is dat foldwaande. Seine jo dat tsjin har, dan seach se op mei har priemkjende eagen, fol fjoer en fragen. En dan fuort der achteroan har ûntwapenjende en oansteklike laitsjen.
Aggie van der Meer mocht graach skilderje en tekenje wat se mei har freegjende eagen en lústerjend ear waarnaam. Dochs koe se yn it skriuwen har krityske blik en har humoristyske relativearringsfermogen it bêste kwyt. Oant in pear moannen lyn skreau se alle dagen noch wol in pear rigels of sels in ynstjoerd stik en dy wienen noch altyd bysûnder skerp en relevant. Oant har eagen en har gehoar har echt yn de steek lieten en har fearkrêft ôfnaam.
Trije boeken mocht ik fan har útjaan en in boekewikegeskink dat se mei Marga Claus skreau. Aggie har wurk wie helder en riedseleftich tagelyk. Se wie tink earder in ‘writers writer’ as immen foar in grut lêzerspublyk. Dêrfoar wie har boartlike taalspul fol bibelske en mytyske symbolyk bytiden te hermetysk te neamen.
Har wichtichste tema wie, wol ik leauwe, macht en machtsferhâldingen, yn de leafde, yn de polityk en yn famyljes. Dêrby spile ek de fraach nei it (ûn)fermogen fan de minske om oan syn of har lot stjoering te jaan in belangrike rol. Aggie makke har oant op it lêst grutte soargen oer de wize wêrop’t wy ús wrâld nei de ferdommenis helpe. It gie yn tsjin alles dêr’t se – mei alles wat se yn har hie – foar stie: de wrâld nei jo libben in bytsje moaier efterlitte as hoe’t jo dy earder oantroffen. ‘Minsken binne bytiden dom’, sei ik dan. Mar dat mocht ik fan Aggie net sizze. ‘Lui fan tinken’ wie better fûn se.
We ha beiden genoaten fan har skriuwen en fan it redaksjeproses foar har boeken en har ferhalen en gedichten foar ‘de Moanne’. Mar de freonskip dy’t yn de ôfrûne lytse tsien jier tusken ús ûntstie, wie foar ús beiden tink ik noch wichtiger. Ik bin tankber foar ús yngeande en leafdefolle petearen. En har boeken? Dy bliuwe fansels. Lêze is in tiidwurd. Jo moatte it de tiid jaan. Aggie har boeken binne wier net maklik om te lêzen, mar wa’t der muoite foar docht sil se better begripe. Net folslein, at it goed is, want wa’t lykas Aggie de ferwûndering heechachtet wol har lêzers ek mei in pear fragen achterlitte. Dy binne ommers wichtiger as de antwurden.