Popke Popma (1939 – 2023)
21 August 2023Yn 2000 gie Popke Popma mei pensjoen as direkteur fan basisskoalle ‘De Wynbrekker’ yn Eastersee. Neist syn wurk skreau Popke al geregeldwei foar bern, mar bygelyks ek kollums foar De Strikel, Byntwurk of De Oesdripen boekbesprekken foar De Pompeblêden fan de Afûk. Nei syn pensjoen koe Popke alle enerzjy stekke yn fertellen en skriuwen en him fierder bejaan op it histoaryske paad.
Wy learden elkoar kennen yn 2003, fia de Moanne. Hy skreau in pear goeie artikels, mar it meast sil my bybliuwe syn ferhaal út 2005, oer Richtje Schurer-Bijlstra. In frou dy’t as jong famke by Drachtster Kompenije mei har kuorbalteam in freeslik ûngelok meimakke, mei tal fan ferwûnen en deaden. Vintage Popke: sels bleau hy op de achtergrûn mar syn meinimmende fertelfermogen en syn soepele styl oertsjûgen de redaksje fuortendaalk.
Foar de Afûk wurke Popke Popma yn 1985 al mei oan in boek oer it planetarium, mei Sjoerd Schaaf en Paul Jansen, dat it fernuvere my net dat Popke yn 2012 mei it manuskript kaam fan de plysjeroman Smelle spoaren. Hy doarde de sprong yn it djippe te weagjen. Dat it boek oan in mar spile en dat it iissilen in sintrale rol spile, hoecht ús net te ferwûnderjen. Popke wenne desennialang oan de Tsjûkemar en wie warber foar iissylferiening ‘Tjeukemeer en Omstreken’. Neffens him wie Smelle Spoaren de earste roman dy’t it iissilen as ûnderwerp hie.
In pear jier letter folge noch in plysjeroman: Skerp ark (2015). It binne beide goed fertelde romans, maklik te lêzen en net sûnder humor. Ik learde Popke yn dy jierren kennen as in hiele freonlike man (âlderwetsk freonlik, sa’t it jin hast net mear oerkomt) en as in skriuwer dy’t graach lústere nei redaksjonele opmerkingen. Alle kommentaar waard troch him sekuer ferwurke. Hy wie like fleurich as profesjoneel yn dat stik fan saken.
Syn miskien wol meast bysûndere bydrage oan de Fryske literatuer moast doe noch ferskine: Deiboek fan in Fryskje soldaat yn Yndie (1947-1950), skreaun troch Freark J. Beuckens (1926-1974) en wurd foar wurd oertikt en sekuer besoarge troch Popke, mei help fan Tsjerk Veenstra. It is in monumintale útjefte wurden en mei rekkene wurde ta de meast unike egodokuminten fan de Fryske literatuer.
Yn de jierren dêrnei rekke Popke mear en mear út it sicht. Alteast by my. Ik krige it drok mei Ljouwert Kulturele Haadstêd en mear fan datsoarte saken, korona kaam op ús paad en ik hearde dat Popke en syn frou Joukje ferhuze wienen nei It Hearrenfean. Der wie grif wat feroare, want de mar makke altyd in wêzentlik ûnderdiel út fan syn libben en hy sil dat plak net licht ferlitten hawwe.
Ferline jier op it Boekefeest fan Ferdinand de Jong seach ik Popke foar it lêst. In blik fan ferstânhâlding wie op dat moment genôch. Troch de muzyk koenen wy elkoar net ferstean. En … de belofte om werris goed by te praten. Dat is ’m net wurden en dat muoit my. Ik mocht graach nei him lústerje en sil syn bliere eachopslach, syn oansteklike entûsjasme en fantastyske ferhalen misse.
Ernst Bruinsma, útjouwer