De biblioteek fan Jabik Veenbaas

30 August 2013

IMG_0171 dWa’t op ynternet de namme Jabik Veenbaas (1959) yntikket, fynt him as filosoof, as oersetter, as dichter, mar ek as skriuwer fan literêr proaza. Lang wie hy warber yn de Fryske literatuer, as besprekker fan boeken, as dichter en as oersetter fan û.o. Obe Postma, mar de jongste jierren makke hy mear namme as Nederlânsktalich dichter en oersetter fan Ingelske dichters as Wordsworth en Coleridge en (mei Willem Visser) fan de Kritiken fan Immanuel Kant. En koartlyn ferskynde fan him it boek De verlichting als kraamkamer, by útjouwerij Nieuw Amsterdam. Yn dit boek besprekt Veenbaas fyftjin oansprekkende figueren út de tiid fan de Ferljochting en lit hy sjen dat de achttjinde ieu net in tiidrak wie dat de minsklike rede omearme, mar dy krekt fan de troan stjitte.

Oer dat boek hoopje wy letter nochris yn de Moanne te skriuwen, want doe’t ik Jabik Veenbaas dizze maitiid opsocht yn Bakkum, om oer syn biblioteek te praten, stie it noch as bits and bytes yn syn kompjûter.

Wy kinne elkoar fansels wol, Veenbaas fersoarge bygelyks mei Anneke Reitsma in tal jierren in prachtige rubryk (‘Albumblêd’) oer poëzy foar de Moanne, mar echt in soad witte wy net fanelkoar. It wolkom is der net minder waarm om en in sean aaike by de lunsj, waarme broadsjes en hite kofje brekke it tinne iis samar. Beide fiele wy ús ûngemaklik by smalltalk en al gau giet it oer ús favorite ûnderwerp: boeken, boeken, folle net genôch.

Jabik Veenbaas is hikke en tein yn Hilaard, in doarp mei doe noch krapoan 300 ynwenners.

‘Us heit en mem wienen beide stûfe lêzers. Wy wennen yn in gewoan rychjeshûs mar hienen relatyf sjoen aardich wat boeken thús. In soad Fryske boeken ek, want ús heit wie in Fryske beweger. Lêze koe ik al wat foardat ik op de legere skoalle kaam – as seisjierrige, want in beukerskoalle wie der yn Hilaard net. Op skoalle waard net folle oan Frysk dien, mar wy liezen thús út de Fryske bibel en waarden ek ferbettere at wy in ferkeard wurd brûkten. Sa hie ik, doe’t ik fan de legere skoalle ôfkaam, al in hiel goed Frysk wurdbyld. Us heit kocht eins alle Fryske berneboeken, Melle Mich fan J. Vledder-v.d. Knoop bygelyks, of Moarke fan A. Meester-de Vries. Mar ik wie ek gek op Kruimeltje, de Kameleonboeken, Pietje Bell en Arendsoog.’

De broers fan Jabik Veenbaas wienen folle âlder as hy en mei syn âldste broer Redbad Veenbaas (1948), ek in echte lêzer, dielt hy al syn libben lang de leafde foar boeken. Fan de broer fan syn skoansuster krige de jonge Veenbaas op in stuit de earste 25 dielen fan de Karl May-boeken.

‘Doe’t ik in jier as 8 wie, begûn ik de boeken fan Karl May te lêzen en makke ik in sprong fan gewoane berneboeken nei boeken dêr’t minder plaatsjes yn stienen. Fûn ik ynteressant want ik woe wolris wat oars as Jan Willem kan fluiten. En der wie fansels de bibliobus, dêr helle ik ek in soad boeken wei.’

Yn it doarp groeide Veenbaas net op as in ‘nerd’, sa’t wy dat no neame soenen. Safolle lêze lykas hy die, wie miskien wol in útsûndering, mar hy siet net altyd op syn keammerke en die gewoan mei oan it keatsen en it fuotbaljen.

‘Ik wit noch goed dat ik as jonge fan in jier as trettjin, fjirtjin de folwoeksenliteratuer begûn te ûntdekken. De kleine Johannes (1887) fan Frederik van Eeden makke doe in geweldige yndruk, mar ek Siddhartha (1922) fan Herman Hesse en Het wassende water (1925) fan Herman de Man. Dy boeken koe ik geastlik krekt oan, al sil ik de hiele problematyk noch net sjoen ha.’

Op de middelbere skoalle begûn it echte lêzen en guon leararen stimulearren dat. Ien derfan wie de learaar Nederlânsk, Dutman. De man sels is al ferstoarn mar mei syn frou hat hy sels noch altyd kontakt. In eksimplaar fan de Ethika fan Spinoza dat hy fan Dutman krige, is noch altyd in kostber besit foar Veenbaas. It wie ek Dutman dy’t Veenbaas stimulearre om mear te skriuwen, want krekt yn dy earste skoaltiid skreau er syn earste dingen.

‘Ik wie in echte opstelskriuwer, skreau fan ûngefear myn fjirtjinde ôf ek al gedichten; guon dêrfan waarden publisearre yn ’e skoalkrante. Ek hold ik wol graach sprekbeurten. De earste kear oer de novelle Eros in hinderlaag (1945), fan Theun de Vries. Letter bygelyks ek oer Een circusjongen (1975) fan Reve, dat ik daalk by ferskinen kocht hie. Dy sprekbeurt hâldde ik trouwens tegearre mei Jannie Boomsma, in freondinne út ’e klasse dy’t ek literêre ynteresses hie. Yn myn leste gymnasiumjier folgen sprekbeurten oer Camus en Nietzsche.’

Boeken keapje die Veenbaas dus al frij betiid. Mar hy keapet boeken net yn it foarste plak om se te sammeljen, mar om se te lêzen. Sûnt syn fyftjinde is syn belangstelling net wêzentlik mear feroare, it draait noch altyd om literatuer, tsjintwurdich benammen om poëzy en om filosofy.

‘Dêrnei haw ik earst Ingelsk studearre, mar winliken hie ik ek dalik al filosofy kieze kinnen. Ja, hoe komst ta in kar op dy leeftyd, hoe ferantwurde is dy kar? Begjin jierren tachtich haw ik der noch in skoftsje oan tocht om de muzyk yn te gean, ik spylje grach piano, mar dat wie dochs in sydspoar. Dy Ingelske literatuer paste úteinlik hiel goed by my. Letter haw ik noch myn doktoraal Frysk helle en in folsleine jûnsstúdzje filosofy yn Amsterdam dien. Ik bin earst ôfstudearre op Ingelske letterkunde, op Robert Browning, in dichter mei in dúdlik kultuer-histoaryske komponent. Hy hat in searje gedichten skreaun dy’t ûnder oaren ynspirearre wienen op wurk fan godstsjintkritisy as Renan, Feuerbach en Strauss. Myn doktoraalskripsje Frysk gong oer ‘Ien suwnerlinge forhânlinge’, oersetting fan in religieus-filosofyske tekst fan Gysbert Japicx. Sa sjochst dat ek myn letterkundeskripsjes al min ofte mear filosofyske ûnderwerpen hiene.

Veenbaas is net spesifyk sunich op syn boeken. Hy skriuwt lykas de measte minsken in namme en in datum yn de boeken, soms ek de boekhannel wêr’t it boek kocht is. Mar typysk foar syn boekebesit is fral dat op de flappen faak oantekeningen stean: foar gedichten, foar in besprek of gewoan foar it ûnthâld. Dingen dy’t him ynspirearje.

Yn de boekekasten, dy’t net hiel netsjes ynrjochte binne mar ek net rommelich, stean de boeken kwa sjenre en per taalgebiet byelkoar. Al fine wy troch it hiele hûs wol plakken wêr’t bondels poëzy lizze. Per taalgebiet stean de boeken op skriuwer oardere, mar net strak alfabetysk. It lit him sa al gau riede wa’t syn favorite skriuwers binne.

‘Ik bin net it type fan de argivaris, mar ik wit wol alles te finen. Sa bin ik in echte Simon Vestdijk-fan en dat stiet hjir byelkoar. De kellner en de levenden (1949) is myn favorite Vestdijk, al haw ik yntusken sawat alle romans fan him lêzen. Mar ek Couperus (benammen Iskander en De boeken der kleine zielen), Gerard Reve, W.F. Hermans en Hella Haasse steane om dy reden yn de keamer. Fansels haw ik op myn wurkkeamer in soad Ingelske boeken stean. Fan guon, Shakespeare, Austen, Salinger en Hemingway bygelyks, mar ek fan dichters as T.S. Eliot, Dylan Thomas en Sylvia Plath haw ik in soad lêzen. Gedichten as ‘Tulips’ fan Plath en ‘The Lovesong of J. Alfred Prufrock’ fan Eliot bewûnderje ik al sûnt myn stúdzjetiid en haw ik ek yn it Frysk oersetten.’

‘Fryske boeken haw ik ek frijwat fan. Ik kocht myn earste Fryske boeken doe’t ik in jier as sechstjin wie. Fersen foar ien hear fan Riemersma wie yn fan de earste dy’t ik oanskafte. Ik sette yndertiid trouwens al wat fersen út dat boek oer foar myn learaar Nederlânsk. Hy koe gjin Frysk lêze en koe sa dochs meigenietsje. Frysk waard op myn middelbere skoalle net jûn, mar doe’t ik letter Frysk studearre, haw ik behoarlik wat Fryske klassiken trochwurke. Doe haw ik bygelyks foar it earst echt bondels lezen fan Obe Postma, Jan Wybenga en Rixt, dichters fan wa´t ik letter sels wurk oersetten ha. Fansels haw ik ek aardich wat boeken út de tiid dat ik boeken bespruts foar de Ljouwerter krante en dêr is ek wol it ien en oar by dat ik sels miskien net kocht hawwe soe.

‘Ik haw in soad poëzij, mar filosofy is wierskynlik wol de grutste ôfdieling en de meast systematyske kolleksje yn myn biblioteek. Dy is histoarysk opboud, fan de betide Grykske filosofy oant de moderne tiid. No´t ik dwaande bin mei myn Ferljochtingprojekt, is der in aparte ûnderôfdieling oer dat tiidrek ûntstien.’

‘Werlêze doch ik komselden. Der is in driuw yn my, in hertstocht om te lêzen. Ik sykje altyd wer nei nije dingen. Dat fyn ik faak foar myn eigen poezy ek ynspirearjend. Elke dei lês ik trouwens poëzy en ik haw altyd in bondel by my, fan Remco Campert, Cseslaw Milosz, Szymborska, myn favorite dichters. Ek de bondel Waterstudies fan K. Michel sit noch wolris yn myn tas.’

Jabik Veenbaas keapet boeken om te lêzen en dat lêzen noeget meastentiids út ta skriuwen. Dat skriuwen is miskien wol it wichtichste yn it libben fan dizze hertstochtlike lêzer. Yn in hoeke yn syn wurkkeamer stiet it wurk dat er sels skreaun en oersetten hat, alteast it wurk dêr´t er it meast wiis mei is. Mar wannear’t ik him freegje nei in e-reader, docht bliken dat er sa’n ding net hawwe wol. Ek al soe hy as romantyske lêzer al syn favorite boeken dan altyd tichtby by him hawwe. Hy neamt himsels gjin bibliofyl, mar hy docht eins noait boeken fuort. En ja, it hege wurd moat der ta einbeslút mar út: ‘Oan de ôfdieling filosofy soe ik noch wol graach wat eigen oersettingen oan taheakje wolle: fan John Locke of Adam Smith bygelyks. Guon boeken fan de Frânske filosoof en dokter De La Mettrie soe ik ek wol wol oersette wolle. Dy konsekwint ateistysk-materialistyske tinker stiet úteinlik tichter by my as Kant, hoe´t ik dy lêste ek bewûnderje.’

Dizze tekst ferskynde hjir ek op de Moanne.