Inside Llewyn Davis

11 December 2013

Schermafbeelding 2013-12-11 om 14.15.36‘American Tabloid’ is in boek fan James Ellroy oer de masjinaasjes rûnom ‘the rise and fall’ fan John F. Kennedy. Krekt ien dei foar de moard op Kennedy hâldt it boek op en dat makket it allegear krekt nóch wat spannender en fassinearjender. Koartlyn kaam dit boek, it waard neffens my yn de jierren njoggentich publisearre, my twa kear yn it sin. De earste kear doe’t betocht waard dat dy moard miskien wol 50 jier achter ús leit, mar nei alle gedachten altyd foar ús út lizzen bliuwe sil. De greep fan Ellroy wie allinnich al wat dat oanbelanget fan de gouden soarte.

Doe’t ik koartlyn de film ‘Inside Llewyn Davis’ fan Joel en Ethan Coen seach, kaam it boek my op ’e nij yn ’t sin. Want dizze film hâldt op wannear’t wy ergens op de achtergrûn in kreaze jongfeint sjongen hearre, dy’t wol hiel bot oan Bob Dylan tinken docht. De film giet dus yn sekere sin oer Bob Dylan, al wurdt syn namme net ien kear neamd.

Wêr binne wy krekt yn dizze film? Greenwich Village, Manhattan, New York, 1961. Haadpersoan is Llewyn Davis (spile troch Oscar Isaac), in folksinger fan behoarlik kaliber dy’t mar net trochbrekke wol. Wat Llewyn Davis blykber net koe, slagget de Coen Brothers dúdlik wol. Neidat se de ‘folk’ fan ein jierren tritich ferivige hawwe yn ‘Oh Brother where are’t thou?’, folget no de ‘folk’ fan ein jierren fyftich. Joel en Ethan Coen sette fan de earste sekonde ôf in goeie ‘vibe’ del, in ‘sfear’ dy’t oerkomt. In yntime klup, in stylfolle mikrofoan en in muzikant dy’t in tryst ferske ynset op syn dúdlik wat fersliten gitaar. Wat folget is in kaskade fan noch trystere moetings, rúzjes mei syn eks, mislearre ûndernimmingen, reinerich waar en in kat dy’t hieltyd útnaaie wol. (De kat blykt de namme Ulysses te dragen, in aardige knypeach nei ‘Oh Brother where are’t thou’). Alles wat Llewyn oanrekket, feroaret yn ellinde. As wie hy de broer fan Kening Midas, sa’t op in stuit opmurken wurdt troch syn suster.

Llewyn Davis hearde, sa komme wy geandewei te witten, ta de helte fan in krekt wat bekender duo. Mar sûnt partner ‘Mike’ fan in brêge sprongen is, slagget it Llewyn mar net syn karriêre op ‘e nij flot te lûken. Fan Llewyn is sûnt dy sprong minder as de helte oerbleaun, hy dy’t ‘groots en meeslepend’ libje wol, is feroardiele ta in lytse byrol yn it ‘Concert des Levens’. Altyd as hy spilet en sjongt, hoe oertsjûgjend ek, liket der wat te mankearen oan it optreden. Hy kin gjin echt kontakt meitsje. Net mei freonen, net mei syn suster, net mei syn heit, net mei de deaden en ek net mei it publyk.

Hichtepunt yn de film is foar my de autorit dy’t Llewyn belibbet, fan New York nei Chicago, wêr’t hy in optreden fersiere wol. Yn de auto sitte neist Oscar Isaac ek Garrett Hedlund en de masterlike John Goodman dy’t faak in rol hat by de Coen-Brothers. Unferjitlik troch syn absurditeit, syn poëzy en syn sfear, dizze donkere autorit. Yn de autorit komt miskien alles wol byelkoar yn dizze film, dy’t gjin begrutsjen opropt mar earder moederaasje. Dy’t it midden hâlde wol tusken irony en weemoedigens, tusken oanhâldend ferset en ferduldich oanfurdigjen fan in bestimming dy’t net socht wurdt.