Maitiid yn Museum Belvédère

27 April 2014

IMG_0322DRIJPIKKEL
Museum Belvédère is sûnt dit wykein wer iepen, nei in lytse ferbouwing. Mei tank oan de Bankgiro Loterij is de befeiliging up to date brocht, is it depot oars ynrjochte en de winkel moai ferboud. De besikers hawwe romte krigen by de yntree en der is mear gelegenheid om de prachtige boeken better te besjen en foaral te keapjen. Of om – op ôfspraak – boeken te lienen út de bibleteek.

Tagelyk hawwe direksje en meiwurkers de kâns grepen om de fêste kolleksje, dy’t al langer net mear te sjen wie, moai yn te rjochtsjen. Fûn ik earder wolris dat Han Steenbruggen wat te neidruklik socht nei ferrassende kombinaasjesaa yn de eigen kolleksje, no moat ik sizze dat der in sterke kar makke is en dat it wurk der moai by hinget. In genoegen om werris in rûntsje oan dy kant fan it gebou te meitsjen.

Mar de measte oandacht soe toch útgean moatte nei de nije útstalling dy’t under de titel ‘Lichtobservaties’ work presinteard fan Theo de Feyter, Han Klinkhamer, Chritiaan Kuitwaard, Frank Lisser, Anke Roder en Jonas Snijder. Skilders dy’t yn searje wurkje en dêrby op harren eigen wize ljocht, romte, perspektyf in rol spylje litte. It binne en bliuwe searjes, mar troch de krêft fan it konsept bliuwt it wurk hiel spannend.

De fraach foar my wie benammen oft ‘de som der delen’ sterker is dan it wurk fan de ôfsûnderlike keunstners. En hoewol’t ik werklik út de skroeven wie en bin oer de tentoanstelling, tink ik no, nei in pear dagen, dat Kuitwaard (yn myn eagen de bêste hjoeddeiske skilder hjir yn de provinsje, troch syn kombinaasje fan yntelligent ûndersyk, in hearlike yntuiviteit yn it observearjen fan foarmen en in sterke technyk) wol hiel moai yn dit konsept past, mar dat ik dit net syn bêste wurk fyn. Dat Klinkhamer my neat docht omdat syn wurk te abstrakt is binnen dit konsept. Dat Frank Lisser wol nijsgjirrich is, mar ik hie ‘m wol misse kinnen. Dat ik it wurk fan Anke Roder saai fyn. Mar ek dat Theo de Feyter in grutte ferrassing is. Wat in hearlike skilder, boartlik de realiteit ûndersykjend jout hy stof ta neitinken, twingt hy ús om de searje hieltyd op nij wer by del te gean. Jo ûntdekke hieltyd wer nije dingen yn skilderijen dy’t op it earste gesicht toch itselde útsjoch biede. Realisme is gjin realisme is wol realisme.

Mar dat alles falt yn it neat by Jonas. Jonas Snijder, dichter mei de kwast. Unthâld dy namme. It is hast net mogelik om gjin Grutte Wurden te brûken om dit wurk rjocht te dwaan: Siel, Skientme, Klankkleur, Mankelikens. Hy iepent de útstalling en om my hie it dêr ek by bliuwe mocht. Elk dy’t wolris by it glinsterjende wetter stien hat en oan de golven frege: ‘Sil ik meigean op jim weagen?’, dy sil no by dizze skilderijen rope: ‘Jonas, nim my mei’.