Deidreamen
14 March 2015De nijste roman fan Ronald Giphart, Harem, fertelt it ferhaal fan in keunstnerskollektyf yn Stockholm, de Melkerij neamd. Nei Niets bijzonders fan de Flaming Paul Mennes is dat de twadde roman yn in koart skoftsje tiid dy’t nei The Factory fan Andy Warhol ferwiist. Mar dêr giet it no eefkes net om. Haadpersoan yn de roman fan Giphart is de wrâldferneamde fotograaf Mac Hope, syn ferhaal wurdt oan it papier tabetroud troch syn soan Liam de Hoop.
In opfallende diskusje tusken beiden giet oer it ferskil tusken literatuer en fotografy. Sa seit de soan, hy hat ambysjes as skriuwer: ‘Freud schreef dat schrijven en dagdromen takken aan dezelfde boom zijn, met als verschil dat dagdromers hun dromen voor zich houden en schrijvers ze presenteren als verhalen. Fotografen zijn kijkers, geen dagdromers. Een fotograaf registreert alleen maar, op een al dan niet onderzoekende manier’. Neffens Liam de Hoop hat in fotograaf gjin ‘scheppend’ berop, yn tsjinstelling ta de skriuwer, dy’t neffens him ferbiningen leit tusken mominten en wat tafoeget oan de wrâld. Wêrop’t Mac Hope seit: ‘Wij moeten mensen laten kijken naar wat ze al tienduizend keer hebben gezien, een moeilijker opdracht is niet mogelijk. Het grote verschil: fotografie is in essentie echt, literatuur in essentie nep.’
It soe miskien aardich wêze en gean hjir fierder op yn, mar eins woe ik nei oanlieding fan dit sitaat wat oars sinjalearje. En dat is dat yn Fryslân de roman al moai wat jierren oan it útstjerren is en de fotografy derfoaroer bloeit as in kleurich bosk roazen. Tal fan jonge (froulike) fotografen spylje in wichtige rol yn de kultuer yn Fryslân. In kwestje fan talint én in gefolch fan de mooglikheden dy’t de digitale kamera en de kompjûter jouwe.
Mar no it pineholledossier ‘roman’. Miskien is de fergeliking tusken proazaskriuwers en dichters wat arbitrêr, feit is wol dat Fryske dichters harren better ûnderskiede en oer it generaal op in heech nivo skriuwe. Utnoegings foar grutte festivals as Poetry International binne dan ek net om ’e nocht. e meast opfallende romans yn it Frysk lykwols, binne de lêste jierren benammen skreaun troch ‘oudgedienden’, skriuwers dy’t al foar 1980 debutearden. Wêr binne dus de debutearjende skriuwers? Leit dit oan it Frysk as minder dominante taal of wurdt de ferbyldingskrêft fan nije generaasjes skriuwers yn de feilige perifery net echt mear útdage? Wa makket fan deidreamen fiksje en fiksearret sa de mominten fan ús bestean?