Klop op de deur
3 April 2015Lang lyn lies ik it boek ‘De klop op de deur’ fan Ina Boudier Bakker. Frege my al wolris ôf werom. Kin my der ek neat mear fan herinnerje. No lês ik de printkladden fan de Fryske oersetting fan ‘It Achterhûs’ fan Anne Frank en dêr kom ik it boek ynienen tsjin. Dat sil miskien de reden west hawwe dat ik it lies, want lêze rôp én ropt by my altyd lêzen op. En weromskriuwe, om in moai wurd fan Jacques Vogelaar te lienen. Oars in geweldige erfaring om ‘It Achterhûs’ te lêzen no’t ik folle âlder bin. In magistraal boek.