Louis Paul Boon, in ûnbekende anekdoate
3 March 2004Op 10 maaie is it al wer 25 jier lyn dat de skriuwer Louis Paul Boon stoar oan in hertoanfal oan syn skriuwtafel. Hy heart wat my oanbelanget ta de Grutte Fjouwer fan Nederlânsktalige literatuer fan de tweintichste ieu. De oare trije binne dan Gerard Reve, Willem Frederik Hermans en Hugo Claus. Ik rekkenje F. Bordewijk en Paul van Ostaijen mar eefkes ta in oare generaasje.
De boeken fan Boon wurde noch hieltyd aardich ferkocht, al muoit it my tige dat de jongste generaasjes Nederlânske skriuwers mar sa’n bytsje oandacht hawwe foar it ûnbeskaafde, rûge en groteske talint Boon. Soks leit yn Flaanderen lokkich wol eefkes oars, dêr drukt Boon noch hieltyd in stimpel op de literatuer. Tom Lanoye rint wat dat oangiet foarop. Mei syn ‘Monster’-trilogy stiet hy mei klam yn de faction-tradysje fan De Kapellekensbaan.
Sûnt in jier as tritich ferskine oersettingen fan Boons wurk yn it bûtenlân want ek dêr is men entûsjast oer syn wurk. Fan De Kapellekensbaan binne yn de rin fan de jierren bygelyks oersettingen ferskynd yn it Ingels, Frânsk, Katalaansk, Poalsk, Hongaarsk, Noarsk en Sweedsk. Yn it Frysk binne allinnich in pear fragminten oerset fan dat fenomenale boek Mijn kleine oorlog, yn 1995 troch J.Q. Smink publisearre yn Hjir. Mar fierwei de measte oersettingen fan Boon binne yn it Dútsk útkaam, û.o. Abel Gholaerts, Mein kleiner Krieg, Blaubärtchen im Wunderland, en Der paradiesvogel. It grutte ‘magnum opus’fan Boon, de beide boeken oer de Kapellekensbaan binne sels twa kear oerset. Ien dêrfan is in DDR-oersetting by Volk und Welt yn Berlyn. Wat oan’t no ta net bekind wie is dat fyftich jier lyn yn Berlyn al plannen makke binne foar in Dútske oersetting fan Boon.
Op 9 maart 1950 ferskynde in lyts parseberjocht fan útjouwerij Manteau (de earste útjouwer fan Boons wurk) yn it Flaamske deiblêd Het Laatste Nieuws, mei de meidieling dat Vergeten straat (1946) fan Louis Paul Boon en Alleen de doden ontkomen (1946) fan Piet van Aken yn in Dútske oersetting ferskine soe, by útjouwerij Lied der Zeit yn Berlyn. De eigner fan útjouwerij Lied der Zeit wie Emil Charlet en dy hie al wat namme makke as oersetter fan Nederlânske en Flaamske literatuer. Sa ferskynden fan him rûnom 1907 in trijetal oersettingen fan Lode Baekelmans, Gerard van Hulzen en Nico van Suchtelen en tusken 1936 en 1951 fan ûnder mear Bartje fan Anne de Vries en De klop op de deur fan Ina Boudier-Bakker. Mar wa koe no efter dy oersettingen fan Boon en Van Aken sitte?
De earste namme dy’t dêrfoar yn oanmerking komt is allicht dy fan de sjoernalist en oersetter Nico Rost. Mar dêrfan is gjin inkeld spoar wêrom te finen yn de ferskate argyven dy’t ik troch west ha. Dochs is it sa dat dizze goeie freon fan Boon krekt yn de perioade 1949-1950 yn Berlyn wenne en yn it stêdsje Wiepersdorf, dat leit op sa’n 90 kilometer ôfstân fan Berlyn. Nei wat speurwurk haw ik boppe wetter krigen dat net Nico Rost dizze oersettingen foar syn rekken nimme woe, mar syn frou Edith. Yn tsjinstelling ta har man makke sy wol oersettingen nei it Dútsk ta. Op 27 maaie 1950 skreau de DDR-útjouwerij Lied der Zeit oan Nico Rost: ‘Von flämischen Autoren haben wir je 1 Werk von Piet van Aken und Paul-Louis Boon beim Kulturellen Beirat eingereicht und inzwischen noch das Opus von Hubert Lampo erworben. Antwordt über die eingereichten bücher haben wir noch nicht erhalten. Im übrigen hoffen wir nach wie vor, dass Ihre Gattin Zeit findet, sich an der Übersetzung dieser Werke zu beteiligen’.[1] De oersettingen fan Boon en Van Aken binne úteinlik net ferskynd, mar ik ha net útfine kind wat derfoar krekt de reden west hat. Mooglik wie Boon út de optyk fan de DDR wei net revolúsjonêr genôch, miskien wienen de ferhâldingen tusken útjouwerij en de oersetters earnstich fersteurd rekke neidat Rost yn 1951 troch it DDR-bewind ta ‘persona non grata’ útroppen waard. En miskien hienen Edith Rost en de útjouwer ek wol rekkenen op finansjele steun út Flaanderen, want it Belgyske regear hie krekt yn dy tiid in ‘Nationaal Fonds voor de Letteren’ oprjochte dy’t de ‘Bibliotheca Flandrica’ fan de grûn tille moast. Dizze rige soe in stalekaart fan inkelde ieuwen Flaamske literatuer foarmje moatte, yn Frânske, Dútske en Ingelske oersettingen. Mar sjoen de strieminne reputaasje dy’t Boon yn dy jierren hie, sil hy wol net op dy listen stien ha. Boons sels makke him ek yn letter jierren net sa drok oer in ynternasjonale karriêre. Doe’t him begjin jierren santich foarsteld waard om in promoasjereis troch Amearika te meitsjen, hat hy dat gau opkeard en ek letter hat hy noait, lykas as no wol wenst is, reiskes nei it bûtenlân makke om syn wurk te promoaten. Foarlopich ferkeapet dat wurk himsels wol, yn elts gefal yn Flaanderen.
[1] Brief fan Emil Charlet oan Nico Rost, 27 maaie 1950 (Universiteitsbibleteek Leiden)